We binne wer los!

Snein wie it safier, de earste wedstryd fan Jacob Klaver is wer ferkeatst. Nei in koarte opleving yn de seal yn Easterein wie der nei in lang skoft eindelik wer alderwets ledenkeatsen. Dat wie ek te sjen oan de massale opjefte. We hienen sels ien persoan mear as foarich jier op de list en dit jier ek noch in aparte damesklasse. Hjirfoar hulde! Ien puntsje foar ferbettering fan ús fanatieke ledenkeatsers is it opjaan.

Foardat it bestjoer in runtsje belle hie, stienen der noch mar 3 minsken op de list!! Mar nei sa’n prachtige ipening fan it Jacob Klaver seisoen ferwachtsje wy elke wedstryd no massale opjefte. Út harrensels en moai optiid! (alfest dank). En dan de wedstryd. Der waard poultsje keatst, wertroch iederien trije kear keatse koe. Sawol by de manlju as by de froulju wienen fjouwer partoeren. By de dames gie it foardat de wedstryd begun al mis, Loretta van der Galiën krieg namelik in bal yn it each, wertroch disse gelyk bunt en blau waard. Desondanks gie se der dernei wer hielendal foar en mei resultaat. Mei Baukje Stienstra waarden namelik alle trije wedstryden wun, wertroch de winst feilig steld wie. De twadde priis gie by de froulju nei Lyssa van der Ende en Sissel de Boer. Sy hienen de earste wedstryd tsjin Anke Koldijk en Hendrika Reitsma wun, mar kamen yn de wedstryden dernei steeds wat te let op gong. Tsjin Maaike Kuipers en Nynke Wiedijk, waard fan in 5 – 1 efterstan noch weromkaam nei 5 – 4. Yn de letste wedstryd kamen se ek te let, nei in 5-0 efterstan kamen se noch werom oant 5-2, mar toen wie de koek op. It twadde plak wie dermei ek net samar wun, want de ferskillen wienen minimaal. Lyssa en Sissel hienen 11 punten, Maaike en Nynke 10 en Anke en Hendrika 9. Dit belooft foar de oare kear dus wer in soad spanning! By de manlju wie ek ien partoer dat trije wedstryden wún. It partoer fan Jan-Geart Nutma, Johannes Muller en Meinte Bonekamp wie in kompleet partoer en dit hat syn fruchten ofworpen. Johannes de Jong, Menno van der Galiën en Halbe van der Valk koenen lang bybliuwe, mar yn de rjochtstreekse konfrontaasje waard dudelik wa de sterkste fan de dei wie. Disse letste wedstyd waard namelik mei 5 – 0 ferlern. Dit koe echter ek wol komme troch de twa dreeche wedstryden die oan disse party foarof gien wienen. Der waard 5-4 keatst tsjin Anne Terpstra en Jelle Anema en 5-5 6-6 tsjin Lieuwe Fopma, Jurriaan Hoekstra en Sybren van der Meer. It wie in moaie dei en ferskillende húsen ha wer wat moaie fersielsels oan de muorre. Hjirby dank foar de Twadde Tak die de kransen beskikber stelt hat. De kop is derof en we ferwachtsje 23 maaie iederien op de Jonker Sikke partij!

Geplaatst op 11 May 2010